Enkête oer bûtendykse kwelders by Holwert

23 maaie 2017 - 22:45
De kwelders by Holwert - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Steatsboskbehear en It Fryske Gea wolle witte wat minsken fine fan de bûtendykse kwelders by Holwert. Se litte besikers dêrom in enkête ynfolje oer de natuerbelibbing yn it gebiet. De enkête is opset troch in studinte fan hegeskoalle Van Hall Larenstein. It bûtendyksgebiet jout in protte mooglikheden foar rekreaasje en de organisaasjes wolle witte wat minsken graach wolle en wêr't se behoefte oan hawwe yn it gebiet.

(Advertinsje)
(Advertinsje)