Bûtenpost útskeakele nei 2-2 lyk spul tsjin Zuidvogels

23 maaie 2017 - 22:34
Foto: awfoto.nl

Yn de neikompetysje fan de earste klasse foar promoasje nei de haadklasse is VV Bûtenpost tiisdeitejûn útskeakele yn de lêste wedstriid fan de pûlfaze. De fuotballers spilen 2-2 lyk tsjin Zuidvogels út Huizen. Bûtenpost moast winne om de finale te heljen. Zuidvogels giet troch op basis fan in better doelsaldo.

Bûtenpost skeat út de startblokken en kaam al nei 2 minuten mei 1-0 foar troch in doelpunt fan Joran Olijve. Zuidvogels kaam foar skoft werom en sette yn de twadde helte de 1-2 foarsprong op it skoareboerd. Yn de 74e minút makke Jorrit Terpstra de 2-2, mar yn it slotoffinsyf slagge it Bûtenpost net mear om de winnende treffer te skoaren. It seizoen sit der no op foar de 'Blaukes'.

Trefwurden: 
fuotbal Bûtenpost
(Advertinsje)
(Advertinsje)