Van de Boer ynstallearre as nije wethâlder Eaststellingwerf

23 maaie 2017 - 22:28
Foto: Lourens Looijenga

Henk van de Boer is beneamd ta nije wethâlder fan de gemeente Eaststellingwerf. Van de Boer krijt ûnder oare de portefúljes Rekreaasje & Toerisme, Miljeu en Lânbou. Van de Boer is in bestjoerder mei ûnderfining: hy wie deputearre fan de provinsje Drinte. Hy folget Hans Welle op dy't yn april ôfskie naam as wethâlder.

(Advertinsje)
(Advertinsje)