Harkemase Boys op promoasjekoers nei oerwinning op Lisse

23 maaie 2017 - 22:23

Harkemase Boys hat in belangrike stap setten op wei nei promoasje nei de twadde difyzje. Yn en tsjin Lisse waard mei 2-1 wûn fan de nûmer twa fan de tredde difyzje. De ploech fan trainer Henk Herder kaam al betiid yn de wedstrijd op foarsprong. Ut in hoekskop fan Oebele Schokker dy’t hingjen bleau foar de goal, wie Henny Bouius der as earste by om fan tichtby de 0-1 tsjin de touwen te sjitten. De Harkiten koene lykwols net lang genietsje fan de foarsprong, Erick Jansema moast in oertreding meitsje binnen de sechtjin meter. De strafskop dy't folge foar Lisse brocht de lykmakker op it boerd.

Krekt foar it skoft komt Harkemase Boys der goed foar wei as der twa grutte kânsen binne foar Lisse. De earste ferwdynt heech oer, de twadde wurdt krekt foar de doelline fuorthelle troch Streutker. Yn de twadde helte ferliest Harkemase Boys stadichoan it inisjatyf. Der komme grutte kânsen foar de thúsploech. Yn de 65e minút liket Harkemase Boys op efterstân te kommen. It doelpunt fan FC Lisse wurdt lykwols troch de skiedsrjochter ôfkard fanwege triuwen. Fuort dêrnei like it wer raak, mar opnij seit de skiedsrjochter dat de goal net jildich is, dizze kear fanwege bûtenspul.

Oan de oare kant wit Oebele Schokker wol te profitearen. Nei in aksje yn it strafskopgebiet wurdt Schokker dellein en giet de bal op ’e stip. Schokker, dy't sneon syn lêste wedstryd op De Bosk spilet, makket sels de 1-2 en sjit de Harkiten nei in ideale útgongsposysje. Yn de slotfaze komt Harkemase Boys ûnder druk te stean mar troch twa moaie rêdingen fan Jansema komt de winst net mear yn gefaar.

Harkemase Boys einige dit seizoen as njoggende yn de tredde difyzje, mar pakte in perioade. Dêrtroch spylje se mei yn de play-offs . Ferline wike waard UNA al oer twa duels ferslein (1-0 ferlies thús, 3-1 winst yn Veldhoven). Sneon om 14.30 oere is de return fan it twalûk tsjin FC Lisse op de Bosk op De Harkema. Heine Uuldriks sil dy wedstryd misse moatte, hy is skorst.

(Advertinsje)
(Advertinsje)