Trije moannen selstraf easke tsjin supporters FC Grins

23 maaie 2017 - 21:59
Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Tsjin twa supporters fan FC Grins is trije moannen selstraf easke fanwege fuotbalgeweld. Twa oare fertochten soene fan it Iepenbier Ministearje 180 oeren wurkstraf krije moatte. Dizze twa út Uithuizen en Kolham hiene amper in strafblêd en in lytsere rol yn de rellen. De manlju hawwe op 22 febrewaris 2015 de konfrontaasje socht mei fans fan SC Hearrenfean. FC Grins hie earder de wedstriid tsjin Hearrenfean ferlern. Der ûntstie fjochterij wêrby't trije minsken ferwûne rekken.

Alve FC Grins fans stiene tiisdei foar de rjochter. Earder al easke it Iepenbier Ministearje fjouwer en trije moanne sel tsjin fjouwer oare fertochten. Woansdei steane nochris trije fertochten foar de rjochter.

It ûndersyk nei de relskoppers hat dreech west. In protte minsken wiene belutsen by de fjochtpartij, mar net ien woe wat sizze. Ek in fan fan Hearrenfean dy't stutsen wie en earst oanjefte dien hie, hat dy letter wer ynlutsen. Justysje hat úteinlik ôfharkapperatuer ynset en tolve fans fan FC Grins oanhâlden. Ien fan harren is wer frijlitten om't der net genôch bewiis tsjin him wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)