Sylster Bouwmeester hat drege start yn Delta Lloyd Regatta

Marit Bouwmeester (argyffoto) © Twitter Marit Bouwmeester
Sylster Marit Bouwmeester hat tiisdei op de Delta Lloyd Regatta yn Medemblik in drege start hân. Se einige yn de earste race op in fiifde plak, mar koe yn de race dêrnei nei in earste plak sile. Bouwmeester hat nei de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro wat gas werom naam. Se is oer it algemien tefreden oer it optreden fan tiisdei.
"It wie pas myn earste wedstriid nei de Spelen en it gie best lekker. As de rest fan de wike krekt sa ferrint, bin ik tefreden. Foar my is it gewoan wichtich om wer ritme op te dwaan", sa seit de sylster út Warten. Se stiet op it stuit tredde yn it klassemint.