"Winkelsintra mei soad leechstân moatte sanearre wurde"

23 maaie 2017 - 21:23

De leechstân yn de Fryske winkelstra sil tanimme, as der neat oan dien wurdt. Dêrfoar warskôget it 'Koopstromenonderzoek', dat útfierd is yn opdracht fan de provinsje Fryslân. Foar dat ûndersyk binne 42 Fryske winkelsintra ûndersocht. Guon dêrfan dogge it hiel aardich, mar der binne ek by mei tefolle leechstân dy't driigje te fersuterjen. De trochsneed leechstân yn Fryslân is op dit stuit 7,8 persint. It ûndersyk waard tiisdei presintearre oan MKB-Noard en de Fryske gemeenten.

Bystânsnivo

Neffens MKB-Noard fertsjinje guon winkellju te min om de holle op termyn boppe wetter te hâlden. In kwart fan de lytse winkellju fertsjinnet net folle mear as bystânsnivo. Bykommend probleem is dat it foar in soad âldere winkellju dreech is om harren saak te ferkeapjen. Dat is ferfelend, want dêrtroch is it ek noch in kear dreech om mei de saak op te hâlden. Deputearre Sander de Rouwe fynt dat it Ryk mei in 'transysjefûns' komme moat foar benammen krimpgebieten. Fansels hawwe provinsje en gemeenten ek in taak, mar hjir leit ek in opdracht foar in nij kabinet, sa fynt De Rouwe.

Alternativen

Benammen yn krimpregio's binne alternative bestimmingen foar leechsteande winkels dreech te finen. Provinsje en gemeenten dogge der fierder ferstannich oan om te stribjen nei 'kwalitative ferbettering' fan winkelgebieten en weromhâldend te wêzen mei it tastean fan nije fêstigings. Seker bûten de winkelsintra moatte nije grutte winkels opkeard wurde, fynt ûndersiker Bert Broekhuis.

Ljouwert of Grins?

Fierder sit it wol goed mei de keapkrêftbining fan de Friezen. Mei oare wurden: de Friezen besteegje hast al har jild yn de eigen provinsje. Der is lykwols wol sprake fan 'ôffloeiïng' fan Frysk jild nei de stêd Grins. As it giet om net-deistige boadskippen as klean en meubels wurdt sa'n 9 persint bûten Fryslân bestege. In grut part dêrfan giet nei Grins. Benammen fanwege de oanwêzichheid fan ynternasjonale winkels dy't (noch) net yn Fryslân binne, sa as Ikea en Primark, lûke guon Friezen nei Grins. De stêd Ljouwert moat dêrom stevich promoate wurde, want ynternasjonale ketens lykje no automatysk foar Grins te kiezen as se in fêstigingsplak yn it Noarden sykje.

Fryske shoppers

As je nei de totale sifers sjogge, docht bliken dat de deistige bestegings (iten en sa) foar 98 persint yn Fryslân sels dien wurde. It liket net in hiel grut ferskil, mar as it yn wearde omset wurdt, docht bliken dat it mei-inoar om behoarlike bedragen giet: de deistige bestegings berinne oardel miljard euro yn 't jier; wylst de net-deistige bestegings 1,2 miljard opsmite.

(Advertinsje)
(Advertinsje)