Kasinomiljonêr Wim B. moat foar gerjochtshôf ferskine

23 maaie 2017 - 20:15
It gerjochtshôf yn Ljouwert

Kasinomiljonêr Wim B. út Dokkum moat persoanlik oanwêzich wêze yn it gerjochtshôf by de behanneling fan syn saak. Dat sei it Ljouwerter hôf tiisdei. It hôf hat noch gjin útspraak dien yn de heger beropssaak tsjin B., dy't twa wiken lyn tsjinne. B. soe oant twa kear ta in falske oanjefte dien hawwe. Ek soe er in goudene ketting stellen hawwe fan de freondinne fan syn broer.

B. wie net oanwêzich by de behanneling fan de saak. It gerjochtshôf wol dit wol en hat no in befel útdien dat er foar de rjochter ferskine moat. Fierder wol it hôf dat de broer fan B. heard wurdt troch de riedshear-kommissaris. Earder waard B. feroardiele ta in wurkstraf fan 180 oeren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)