De Rouwe: "Tekoart oan fakminsken driget foar MKB"

23 maaie 2017 - 20:05

It tekoart oan fakminsken mei in MBO 3 en 4 oplieding foarmet de kommende jierren de grutste bedriging foar bedriuwen yn it MKB yn Fryslân. Dat seit deputearre Sander de Rouwe. It tekoart jildt foar in hiel soad sektoaren sa as de maakyndustry, de soarch, it ûnderwiis en it winkelbedriuw. Bedriuwen moatte mear gearwurkje by it oplieden fan minsken om dit tekoart oan te pakken. Ek moatte se ynnovaasje yn de earmen slute. Sûnder kin net mear, seit De Rouwe. De deputearre fynt dat der in herwurdearring komme moat foar MBO'ers. Want dy hawwe neffens him gouden hantsjes dy't hurd nedich binne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)