Ried fan Steat beslist oer protest tsjin REC yn Harns

23 maaie 2017 - 19:42
De ôffaloven REC yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De Ried fan Steat beslist binnen seis wiken oft twa ynwenners fan Harns beswier meitsje kinne tsjin de fergunning om de ôffaloven REC út te wreidzjen. De provinsje fynt dat se der te fier ôf wenje en hat se dêrom net ûntfanklik ferklearre. De Harnzer dy't mei hast twa kilometer it tichtste by wennet, is in boer. De provinsje hat ôffalferwurker Omrin in fergunning jûn om flink mear ôffal te ferbaarnen. Dat soe gjin konsekwinsjes ha foar de útstjit fan giftige stoffen. De Harnzers dy't protest oantekenje, binne it dêr net mei iens.

Maatregels

By de ôffaloven binne yntusken maatregels naam om de kâns op steuringen lytser te meitsjen en om derfoar te soargjen dat de útstjit minder wurdt. Dit is dien by it grut ûnderhâld oan de enerzjysintrale. Sa wurdt der in reserve fentilator (ID-fan) pleatst om problemen yn de takomst foar te kommen. In soad steurings wurde feroarsake troch problemen mei de ID-fan. Dêrnjonken moat it opnij opstarten fan de oven nei in steuring oer it doekefilter barre. Dat bart oant no ta faak net, mar giet fia in omlieding. Dat betsjut dat der ûnfiltere reek de loft yn giet, wêrtroch der bygelyks mear dioksine of sâltsoer de loft yn giet as gewoan. De hiele bypass soe der út moatte.

(advertinsje)
(advertinsje)