FIDEO: Heit fan sike Sophie yn aksje foar Ronald McDonald

Foar âlden fan sike bern is in Ronald McDonaldhûs in útkomst, seker as je faak mei de bern nei it sikehûs moatte. Dat jildt spitigernôch ek foar de âlden fan de lytse Sophie Badal. Se is in jier âld en hat al hiel wat meimakke oan operaasjes en oare behannelingen. Ferline jier waard der in leverdonor foar har socht en dêr kamen hûnderten reaksjes op. Har heit Soerish Badal komt no yn aksje om wat werom te dwaan foar Ronald McDonaldhuzen yn it lân. Ek prate wy mei manager Livia Westerhuis fan it Ronald McDonaldhûs yn Grins.