Flinke wyn by HT-sylrace, persoan yn it wetter rekke

23 maaie 2017 - 17:55

By de HT-sylrace op de Waadsee tusken Skylge en Harns is ien persoan oerboard fallen. It wie de skipper fan ien fan de lytsere boatsjes. De oare bemanningsleden koenen him wer gau oan board krije. Der stie tiisdeitemiddei flink wat wyn op de see, en dat hie behoarlike golfslach ta gefolch.

Twa oare minsken binne nei in klap fan de gyk yn it sikehûs bedarre. It liket derop dat it no goed mei se giet, seit Jouke van Keulen fan de organisaasje fan de HT-sylrace.

Trefwurden: 
HT-race silen Harns Skylge
(Advertinsje)
(Advertinsje)