UPDATE: Treinen tusken Bûtenpost en Ljouwert ride wer

23 maaie 2017 - 21:30

Tusken Bûtenpost en Ljouwert ride de treinen wer. Even foar 21.30 oere wie de technyske steuring op it spoar foarby. Treinreizgers moasten sûnt de ein fan 'e middei rekken hâlde mei fertraging. Arriva hat bussen ynset op it trajekt. Ek wie der sprake fan in defekte trein by Hurdegaryp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)