Wurkstraf foar Easterwâldster om paddokwekerij

© ANP
In âld-ynwenner fan Easterwâlde hat in wurkstraf fan hûndert oeren krigen, omdat er yn in loads yn it doarp in paddokwekerij hie. Hy ferstjoerde de paddo's fia de post nei klanten yn binnen- en bûtenlân. De plysje kaam de man op it spoar nei klachten oer stjonkerij út dy loads wei.
By de fertochte thús waarden ek nochris wapens, drugs en in nitraatbom fûn. Dêr krige de man in jildboete fan 500 euro foar. Njonken de wurkstraf krige er ek fjouwer moanne sel ûnder betingst.