Balkons fan hast hûndert huzen yn Damwâld net feilich

23 maaie 2017 - 16:55

De balkons fan 94 hierhuzen yn Damwâld foldogge net oan de feiligenseasken. De konstruksje foldocht net en der sitte skuorren yn. De balkons wurde dêrom ôfsletten. De maatregel is naam troch wenningkorporaasje Thús Wonen yn Dokkum. Dy is dwaande mei in grut ûndersyk nei de konstruksje fan betonnen balkons en galerijen fan al syn huzen en flats, yn opdracht fan it Ryk. It giet om huzen dy't boud binne foar 1975.

Foar huzebewenners yn Damwâld is der gjin direkt gefaar, mar om elke kâns op ûngelokken út te sluten, meie minsken net mear op har balkon komme. Thús Wonen wol net sizze yn hokker strjitten de huzen mei de ûnfeilige balkons stean. Op 31 maaie sil der in ynformaasjejûn wêze foar de bewenners.

(Advertinsje)
(Advertinsje)