Maraton yn Sint-Anne: oeren op in waskmasine sitte

Yn Sint-Anne binne fiif minsken tiisdei dwaande mei in bysûndere maraton. Se drave net, mar se sitte in hiel lang skoft op ien plak. En dat plak is in waskmasine yn in elektroanikasaak. It lanlike bedriuw achter de winkel bestiet dit jier fyftich jier, en dêrom meie yndividuele saken in eigen aksje op tou sette. De eigeners fan de winkel yn Sint-Anne binne dêrom mei dizze bysûndere waskmasine sitaksje op de proppen kaam. De dielnimmers moatte oant tiisdeitejûn njoggen oere op de masine sitten bliuwe, allinnich dan krije se de waskmasine fergees mei nei hûs.
De masinen steane midden yn de winkel, en de dielnimmers krije dan ek in soad bekijks. "Guon sitte te kaarten mei-inoar. En ek de telefoan is net mear fuort te tinken fansels, dus de dielnimmers spylje spultsjes dêrop om harren te fermeitsjen", sa fertelt de eigener fan de winkel, Janny de Vos. De dielnimmers meie ien kear yn de twa oeren efkes fan de masine ôf om bygelyks te pisjen of te smoken. "Dus it is net al te komfortabel", tinkt De Vos. Krekt nei it middeisoere mochten de dielnimmers foar de twadde kear fan de masine ôf. "Dan sjogge jo wol dat se wat stiif binne."
''Op in gegeven momint wurdt it hurd''
Geert van der Veen is ien fan de dielnimmers, hy docht alwer foar de twadde kear mei oan in waskmasine sitaksje. "Ik fernim it wol, mar it giet wol aardich", sa fertelt er healwei de sitmaraton. "It dreechst is dat je sa lang op je kont sitte moatte, op in gegeven momint wurdt it hurd." Mar hy hat der in soad fertrouwen yn dat er it folhâlde sil oant njoggen oere jûns.