Help foar âlderen yn Harns om sa lang mooglik thús te wenjen

© ANP
De gemeente Harns wol minsken helpe om sa lang mooglik thús wenjen te bliuwen. Alderen mei in eigen hûs krije in petear mei in wenadviseur. Dy besjocht mei har wêr't se ferlet fan ha, sadat se net hoege te ferhúzjen. Foar de ien kin dat in oanpaste badkeamer wêze, foar de oare help by it boadskipjen of by it thús wurden op de kompjûter.
Harns wol ek gearwurkje mei wolwêzensorganisaasjes, it gebietsteam, frijwilligers en bedriuwen. Yn Dongeradiel en Weststellingwerf binne se mei deselde oanpak oan de gong. De provinsje stipet it inisjatyf.