Mooglik legere hierpriis foar stadion SC Hearrenfean

23 maaie 2017 - 16:16

SC Hearrenfean betellet mooglik yn de takomst in legere hierpriis foar it brûken fan syn stadion en oare romten yn Sportstêd Hearrenfean. Dat komt omdat Sportstêd syn besteande liening foar it kompleks oerslute wol tsjin in liening mei minder rinte. It giet dan om in liening fan 25 miljoen. Fanwegen de nije finansiering slute Sportstêd en de sportklup in nij hierkontrakt ôf, dat jildt foar in perioade fan fyftjin jier.

Omdat de gemeente garant stiet foar de nije liening, moat de gemeenteried der in beslút oer nimme. Dat wurdt oer twa wiken dien.

(advertinsje)
(advertinsje)