Fytsen by busstasjon Drachten moatte tenei yn nije stalling

23 maaie 2017 - 15:35
Foto: Google Streetview

Alle fytsen en scooters dy't no noch om it busstasjon oan it Van Knobelsdorffplein yn Drachten stean, moatte tenei yn de fernijde fytsestalling set wurde. De maatregel giet 1 july yn, sa hat de gemeente Smellingerlân besletten. It is nedich om romte te meitsjen foar it wurk oan it busstasjon. Dat wurdt hielendal opknapt.

Neffens de gemeente stiet it ek minder rommelich as der net mear oeral fytsen en brommers delset wurde om it stasjon hinne. Yn de fernijde stalling is plak foar tûzen fytsen. Dy meie der fergees delset wurde.

Trefwurden: 
busstasjon Drachten fytsen
(Advertinsje)
(Advertinsje)