Frânske Morgane reizget nei Europeeske minderheidstalen

23 maaie 2017 - 15:30
De Frânske Morgane Lincy - Foto: Omrop Fryslân

Se reizget al goed fiif moanne fan it iene plak yn Europa nei it oare, de 21-jierrige Morgane Lincy út de Frânske regio Bretanje. Har doel: yn de kunde komme mei safolle mooglik minderheidstalen en fertelle oer har eigen taal, it Bretonsk. Dy taal wurdt op it stuit noch mar troch sa'n hûnderttûzen minsken sprutsen. Lincy studearre sjoernalistyk oan de universiteit yn Frankryk en siet dêrfoar op in echte Bretonske skoalle.

Minderheidstalen

''Yn jannewaris bin ik myn roadtrip begûn yn Spanje by Baskelân en Kataloanje'', fertelt Morgane Lincy. ''Dêrnei bin ik trochreizge nei Frankryk, Itaalje en Poalen. No bin ik hjir yn Fryslân bedarre. Ik wol safolle mooglik te witten komme oer minderheidstalen en oer hoe't minsken en bygelyks de media omgean mei har taal.''

Lincy wol net allinne yn de kunde komme mei minderheidstalen, se wol mei har roadtrip ek it Bretonsk oanpriizgje. Twa generaasjes lang wie dy taal yn prinsipe ferbean yn Frankryk. Minsken moasten it 'gewoane' Frânsk sprekke, oars hearden se der net by. ''Yn de tiid fan myn pake en beppe waard der hast net oer sprutsen. By myn generaasje komt it sa stadichoan wer wat op gang, der komt wer nije ynteresse yn it Bretonsk.''

Reis troch Europa

Nei har besite oan Fryslân giet se fierder nei Laplân. Uteinlik reizget se yn totaal sân moannen troch Europa. Dat betellet se foar in grut part sels, mar se kin ek rekkenje op crowdfunding. ''In soad minsken hawwe my in bydrage jûn sadat ik troch Europa reizgje kin'', fertelt se. ''Om wat werom te dwaan hâld ik in webside by en meitsje ik filmkes fan minsken dy't yn it deistich libben yn oanrekking komme mei harren minderheidstaal.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)