Omwenners meitsje beswier tsjin bou Blokhûs yn Starum

23 maaie 2017 - 15:16

Omwenners fan it Havenkwartier yn Starum meitsje beswier tsjin de oanlis fan it Blokhûs. De gemeente Súdwest-Fryslân wol de kontoeren fan it eardere ferdigeningswurk werombringe yn it sintrum fan Starum en is ferline wike mei it wurk begûn. De gemeente tinkt der in soad toeristen mei te lûken. Omwenners fine it bouwurk te grut en te ticht op harren tunen stean.

Boppedat stekt it de omwenners neffens Jannes Meijer, wurdfierder fan de beswiermakkers, dat de gemeente net nei harren lústere hat. De beswieren fan omwenners binne ôfwiisd, mar der rint by de rjochtbank no noch ien oanfraach foar in foarsjenning om it wurk stil te lizzen. Oant dy tiid mei it wurk trochgean.

Neffens wethâlder Maarten Offinga is der wol goed lústere nei de omwenners en binne der ek oanpassingen dien. "Zo zijn de muurtjes die achter bij de huizen gepland stonden, opgeschoven en is een deel van het torengebouw aangepast om in ieder geval serieus te luisteren naar de punten die de inwoners kenbaar hebben gemaakt."

(advertinsje)
(advertinsje)