Fuotbalfans moatte de sel yn fynt de offisier fan justysje

23 maaie 2017 - 14:03

De fjouwer fuotbalfans dy't tiisdeitemoarn foar de rjochtbank ferskine moasten, fanwege rellen twa jier lyn nei ôfrin fan in wedstriid tusken SC Hearrenfean en FC Grins moatte selsstraffen krije. Dat fynt de offisier fan justysje. Ien fan de fjouwer moat neffens de offisier fjouwer moanne de sel yn, de oare trije moanne.

De straf is foar it oandiel dat de fjouwer hiene yn de fjochtpartijen nei de wedstriid. Mei-elkoar stean hjoed en moarn alve supporters foar de rjochter. De advokaten fan de fertochten fine dat it proses net earlik ferrint, omdat der benammen FC Grins-supporters ferfolge wurde. Neffens justysje hawwe dy ek de konfrontaasje socht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)