Jachtbouakademy moat tekoart oan fakminsken fuortwurkje

23 maaie 2017 - 13:07

Op it terrein fan ROC Friese Poort yn Snits is tiisdeitemoarn it offisjele starskot jûn foar de jachtbouakademy. Dizze akademy, dy't de offisjele namme Yacht Builders Academy krijt, is bedoeld om fakminsken op te lieden foar de skips- en jachtbou. De oplieding is in gearwurking tusken 36 bedriuwen, skoallen en oerheidsynstellingen mei de bedoeling om wat te dwaan oan it grutte tekoart oan fakminsken dat der yn dizze sektor bestiet. Foar de kommende fjouwer jier is goed 2,3 miljoen euro beskikber om te oplieding út te bouwen. It tal learlingen moat yn dy tiid ferdûbelje fan 185 nei 370.

Mei de ekstra jilden wurde nije fakopliedingen start sa as bygelyks skipsskilder nivo 4 en eksterieurbouwer nivo 2 en 3. Ek wurdt der neitocht om te ferhúzjen nei in gruttere en modernere lokaasje. Neffens Wietse Schuitema, festigingsdirekteur fan ROC Friese Poort yn Snits, is keazen foar in Ingelsktalige namme om it ynternasjonale karakter fan de skoalle klam te jaan. Op dit stuit komt 40 persint fan de learlingen fan bûten de provinsje.

Direkteur Sijbrand de Vries fan jachtbouwer De Vries yn Makkum is tige bliid mei de nije oplieding. Hy hat grut ferlet fan fakminsken fan heech nivo. Foaral de nije opliedingen skipsskilder en eksterieurbouwer binne spesifyk geskikt foar de jachtbou.

(Advertinsje)
(Advertinsje)