Learlingen Bogerman Balk winne Smokefree Challenge

23 maaie 2017 - 12:16

Learlingen fan ksm Bogerman yn Balk binne de winners wurden fan de Smokefree Challenge. Dat is in provinsjale wedstriid, wêrby't de bern mei-inoar ôfprate dat se in healjier net smoke sille. Oan de ein fan dy perioade makken de learlingen in filmke wêryn't se de foardielen fan it net-smoken útlizze.

Foar harren kreaasje ûntfange de bern in priis fan wethâlder Janny Schouwerwou fan de gemeente De Fryske Marren. Se krije in beker en meie mei de hiele klasse nei de bioskoop.

Trefwurden: 
Bogerman Balk smoke wedstriid
(Advertinsje)
(Advertinsje)