Fleantugen yn de wacht moatte mear hichte hâlde

23 maaie 2017 - 11:07
It fleanfjild by Lelystêd. - Foto: ANP

It gemeentebestjoer fan Weststellingwerf moat derfoar soargje dat fleantugen dy't yn de wacht stean foar in lâning op it fleanfjild by Lelystêd yn de takomst op in hichte fan 4000 oant 6000 meter fleane moatte. Dat stiet yn in moasje fan de fraksjes fan PvdA, GrienLinks, Weststellingwerf Natuurlijk en Lijst Westenberg, dy't se op 29 maaie yntsjinje sille.

It fleanfjild fan Lelystêd wurdt útwreide en dat sil liede ta mear fleantugen yn de loft boppe dielen fan Súd-Fryslân. Dy soene op in hichte fan 1600 oant 2000 meter fleane. Dat fine de fraksjes te leech fanwege de lûdsoerlêst dy't dat opsmyt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)