Winkels Leen Bakker wurde ferkocht

23 maaie 2017 - 10:41
Foto: ANP

De Blokker Holding ferkeapet de winkels fan Leen Bakker oan ynvestearder Gilde Equity Management, ûnder oare eigener fan Kwantum. De oernamepriis is net bekend makke. By Leen Bakker wurkje hast 2400 minsken. Blokker makke ferline wike bekend dat it him folslein rjochtet op de eigen winkels yn húshâldlik guod. Oare formules binnen de Blokker Holding, lykas Intertoys en Xenos, wurde ek ferkocht.

Yn Fryslân binne fiif winkels fan Leen Bakker. Dy steane yn Ljouwert, It Hearrenfean, Drachten, Snits en Dokkum.

Trefwurden: 
Leen Bakker winkels Blokker
(advertinsje)
(advertinsje)