Definsje oefenet foar it earst mei kommersjele fleantugen

Definsje set dit jier foar it earst kommersjele fleantugen yn by it oefenjen mei wapensystemen fan de F-16. Der wurdt dit jier op de fleanbasis Ljouwert in grutte groep fan tweintich dielnimmers traind yn de nije wapensystemen. Dêr't earder F-16's ynset waarden as oefenfijân, wurde dit jier fleantugen fan it bedriuw Skyline Aviation ynset. Neffens definsje kinne de beskikbere F-16's sa better ynset wurde foar de training.
De saneamde Fighter Weapons Instructor Training is fan 24 april oant en mei 27 oktober. Der dogge fiif lannen oan mei: neist Nederlân binne dat België, Denemarken, Noarwegen en Portugal. In part fan de oefening is yn Noarwegen. Dat wurdt dien om de lûdsoerlêst foar de omjouwing fan de Ljouwerter fleanbasis te beheinen.