Twadde dei HT-race kin in protte goed meitsje

23 maaie 2017 - 09:31

Tiisdeitemoarn om healwei alven begjint de HT-sylrace oan de twadde dei. Fan Skylge wurdt der syld nei Harns. Justermiddei luts de organisaasje de stekker derút. It fuortfallen fan de wyn soarge der foar dat dielnimmers mei gjin mooglikheid ûnder seil op Skylge komme koenen. It wie ien grutte driuwpartij fan 130 boaten wurden. Dy moandei sûnder wyn telt dan ek net mei. It klassemint wurdt no oer ien dei opmakke. De omstannichheden lykje poerbêst. Mei wynkrêft 3 en 4 en miskien in lytse 5 kin der omraak striid levere wurde.

Trefwurden: 
HT-race Harns Skylge
(advertinsje)
(advertinsje)