Kollum: "Rip in skoalle en wurdt ryk"

"Yn in wike dêr’t de kening mei de knuppel yn de hân yn in cockpit siet, foaroanman Keizer fan de VVD fia in spesjaal oanpaste achterdoar fan it toaniel ferdwûn en de provinsje de lieding fan Kulturele Haadstêd oernaam ûnder it motto: ‘men skept gjin skjin wetter út in in smoarge fontein’, foel dat iene berjochtsje amper op. Mar toch pleage it my, as de lucht fan in hûnedrol dy’tst net earder rûkst as datst yn de auto sitst en tinkst: wêr ha ik no wer yn stien?
Ik ha it oer it nijs dat in islamityske mem 10.000 euro fan in skoalle yn De Haach easket, omdat de jierlikse klassefoto ûnder it offerfeest plend stie en har dochters dêrtroch net op de foto koene. En dus stapte mem mei har eask nei de rjochter. Se fynt ek dat de Maria Montessoriskoalle ekskuses oanbiede moat, omdat it net oan har dochters út te lizzen is wêrom’t se net op de foto koene. Op dit punt oankaam soe ik dêr al in hiele protte fan sizze kinne, mar earst sil ik jim de fierdere sitewaasje sketse.
De Maria Montessori is in iepenbiere skoalle. Iepenbier ûnderwiis is in ûnderwiisfoarm sûnder in beskate godstsjinstige grûnslach. Dy mem witst dus wêr’t se oan begûn doe’t se de bern op sa’n skoalle die. No is it sa dat alle âlden mei in net-kristlike achtergrûn it rjocht ha om de bern op religieuze feestdagen thús te hâlden, soks yn goed oerlis mei de skoalle, fansels. Dy hâlde dêr yn ’e regel rekken mei, ek al hoege se dat net te dwaan. Yn it gefal fan de Montessori mochten de bern dus thúsbliuwe foar it offerfeest. Tafallich soe dy deis ek de skoallefotograaf komme. Blykber wie de mem geastlik en ferstanlik net by steat om dat oan de bern út te lizzen, dus easke se in oare datum fan de skoalle. Dy hat dat besocht, mar de fotograaf koe net op in oare dei. As alternatyf mochten de islamityske bern hiel betiid op de foto, sadat se fuortendaliks troch koene nei it feest. Spesjaal foar bern dy’t echt net koene wie der trije wike letter noch in fotomomint.
Mar blykber wie dat net genôch. De mem wie sa lulk dat se in advokaat yn de earm naam dy’t it in ‘skoallefoarbyld fan diskriminaasje’ fûn. Ik betink it net. De rjochter wie it iens mei de mem dat de skoalle net genôch har bêst dien hie, en stelde dat ‘Mefrou yn har eare oantaast wurden wie’.
De weareld stiet hjir op syn kop. Neffens sosjologysk ûndersyk is der gjin lân yn Europa dêr’t moslims safolle rjochten ha as yn Nederlân. Skynber sels safolle dat it iepenbier ûnderwiis him oanpasse moat oan de útwaaksen dêrfan. It is ferbjusterjend om te sjen dat as ien mar lûd genôch ropt dat se diskriminearre wurdt en easket dat elkenien him nei har heechst persoanlike, ekstra spesjale oertsjûging foegje moat, dat dy dan ek noch har sin liket te krijen.
Foto’s nimme is gjin kearntaak fan it ûnderwiis. Rekken hâlde mei religy is gjin kearntaak fan it iepenbier ûnderwiis. Alden ha net it rjocht om harren mei it skoalleprogramma te bemuoien. De meigeandens dy’t yn sokke sitewaasjes te bespeuren falt, is net allinne ûnterjochte, mar ek bespotlik en gefaarlik. Hooplik stiet de rjochtbank it net ta dat de Maria Montessori op dizze wize ôfparse wurdt. En frij jaan foar religieuze feestdagen op iepenbiere skoallen: ôfskaffe. Probleem oplost."
Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.