Provinsje stipet fiif ynkommende hannelsmissys yn 2018

De provinsje Fryslân hat moandei fiif organisaasjes in bedrach fan 20.000 euro tasein foar it organisearjen fan in 'ynkommende hannelsmissy'. De organisaasjes dy't hjirfoar subsydzje krije binne de Water Alliance, de Biltse jirpelboeren, hegeskoalle Van Hall Larenstein, WTC Ljouwert en de Fryske Exportklup. De provinsje krige mei-inoar 17 foarstellen foar in hannelsmissy nei Fryslân, mar de sjuery fûn de fiif neamde plannen de bêste. De sjuery bestie út Robert van de Leu, Emile Stuy, Jos Pâques, Dina Boonstra en Annabelle Birnie fan de kulturele haadstêd.

It doel fan de ynkommende hannelsmissys is it befoarderjen fan de Fryske eksport. Deputearre Sander de Rouwe fynt dat nedich, want it oantal eksportearjende Fryske bedriuwen is op dit stuit 8 persint, en dat is in pear persint ûnder de lanlike trochsneed fan 10 persint. As it oan De Rouwe leit heart in bettere ekspostposysje fan it Fryske bedriuwslibben by de neilittenskip fan de Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018.