Nije Amelanner koälysje wol 'Daadkracht met vertrouwen'

22 maaie 2017 - 20:51

De pleatslike politike partijen Ameland '82 en Algemeen Belang Ameland binne derút. Se stappe tegearre yn in nije koälysje, nei't de foarige koälysje fan Ameland '82, it CDA en de VVD klapt wie. De lokale partijen makken dat moandeitejûn bekend. De koälysje hat ferline wike tongersdei in prinsipe-akkoart berikt, mei as namme 'Daadkracht met Vertrouwen'.  "Wij hebben deze inspanningsverplichting op ons genomen vanuit het besef dat onze partijen diep geworteld zijn in de Amelander samenleving", sa skriuwe de partijen yn in iepen brief nei de gemeenteried. "Het is onze plicht en verantwoordelijkheid om ervoor zorg te dragen dat ons eiland ook de komende periode een op vertrouwen en daadkracht gebaseerd bestuur krijgt." 

De Amelanner partijen krije net al te lang om in ferskil te meitsjen, want yn maart 2018 steane der alwer gemeenteriedsferkiezings op it programma. Dochs hat de koälysje wol ambysjes foar it kommende jier. Sa wolle de partijen ynsette op âldereinsoach en it bouwen fan nije hierwenten. Dizze wenten moatte boud wurde troch it eigen gemeentlike wenningbedriuw. Piet IJnsen (Algemeen Belang Ameland) en Peter Pot (Amelân '82) wurde de twa wethâlders yn it nije kolleezje. Op tiisdei 30 maaie wurde de nije wethâlders beëdige op in ekstra riedgearkomste yn Ballum. 

(advertinsje)