Ek tiisdei noch ferkearshinder op Ofslútdyk

File op de Ofslútdyk by Koarnwertersân © ANP
It ferkear op de Ofslútdyk hat noch oant tiisdeitemoarn lêst fan de neisleep fan de technyske steuring oan de brêge by Koarnwertersân. Oant nei de moarnsspits is der yn beide rjochtingen mar ien rydstrook beskikber, sa lit Rykswettersteat witte. De oarsaak fan de steuring is neffens Rykswettersteat de waarmte fan moandei. De brêge wie moandeitejûn noch net foldwaande ôfkuolle.

Om de brêge ekstra ôf te kuoljen wurde twa wetterpompen ynset. It is net foar it earst dit jier dat der problemen binne by de Lorentzslûs. Ein april koe de klep fan de brêge net ticht. Wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest-Fryslân lit op twitter wite dat er 'syn hert fêsthâldt' foar it kommende wykein. It kommende wykein wurde temperatueren ferwachte fan boppe de 25 graden.

De skipfeart kin wol wer gebrûk meitsje fan de brêge by Koarnwertersân. De brêge oan de noardkant stiet iepen en de suderbrêge wurdt gewoan betsjinne. De skipfeart hoecht sadwaande net mear om te farren oer Den Oever.