Rykswettersteat wurket oan nije brêgen yn Ofslútdyk

22 maaie 2017 - 18:42

Rykswettersteat is dwaande mei plannen foar nije brêgen yn de Ofslútdyk. It is de iennichste manier om steuringen foar te kommen. Dat seit Cecile Haffmans fan Rykswettersteat. Yn maart en april is der fjouwer wiken lang oan de brêge by Koarnwertersân slipe, mar dat hat net foarkomme kinnen dat it ferkear moandei oerenlang lêst hie fan fertragingen. De brêge wie op 'e nij fêstrûn. Dat kaam troch de hege temperatueren, seit Rykswettersteat.

Dizze wike sil Rykswettersteat de brêgen previntyf kuolje om foar te kommen dat se opnij fêstrinne. "Dat is het beste recept. Maar je kunt het niet eeuwig volhouden," seit Haffmans. Dêrom wurket Rykswettersteat al oan plannen foar nije brêgen. "We bekijken welke bruggen het beste zouden zijn. Dat is morgen niet klaar. Je kunt niet ergens even een nieuwe brug bestellen."

Rykswettersteat lit witte dat it noch wol seis jier duorje sil foardat de beweegjende parten fan de brêge ferfong wurde sille. En de folsleine brêgen, mei fundearingen en al, sille net foar 2050 ferfong wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)