Ynrinmiddei oer kampus mei brede skoalle yn Damwâld

22 maaie 2017 - 18:33

Damwâld krijt in kampus, sa is it doel. It giet om in nije brede skoalle foar de trije basisskoallen út it doarp: de iepenbiere Dr. J. Botkeskoalle en de kristelike skoallen De Bron en De Fontein. Mei de te renovearjen sportal De Boppeslach en de berne-opfang sil dêr in brûzjende kampus ûntstean, sa is it idee. Mar sa fier is it noch net. De gemeenteried hat foar it projekt fiif miljoen euro reservearre en it plak oanwiisd: de grûn om de sporthal oan de Badhúswei hinne. Mar hoe en wat krekt, dêroer meie alle belutsenen noch meiprate.

Moandei wie der yn dat ramt in ynringearkomste yn de sporthal dêr't ynformaasje jûn waard, mar dêr't elk ek sels syn winsken ynbringe koe. Doel is dat de bou fan de brede skoalle mids 2018 útein set.

Trefwurden: 
kampus Damwâld
(Advertinsje)
(Advertinsje)