HT-sylrace moandeitemiddei stillein fanwege te min wyn

22 maaie 2017 - 18:18

De organisaasje fan de HT-sylrace tusken Harns en Skylge hat moandeitemiddei de stekker derút lutsen. It fuortfallen fan de wyn soarge der foar dat dielnimmers mei gjin mooglikheid op Skylge komme koenen. It wie ien grutte driuwpartij fan 130 boaten wurden.

Tiisdei sil der mear wyn stean. It is it doel dat de etappe fan Skylge nei Harns dan gewoan troch giet, seit Jouke van Keulen fan de organisaasje.

Trefwurden: 
HT-race
(advertinsje)
(advertinsje)