Plysje siket om wapens yn hûs fraksjemeiwurker FFP

22 maaie 2017 - 17:07

De plysje hat ferline wike nei wapens socht yn it hûs fan de fraksjemeiwurker fan de Fryske Frijheidspartij FFP yn Blije. De meiwurker hie op Facebook in foto mei wapens pleatst. De plysje koe lykwols neat fine. De Fryske Frijheidspartij is in ôfsplitsing fan de PVV yn Provinsjale Steaten en bestiet út ien steatelid: oprjochtster Jitske Eizema fan Ljouwert. Sy fynt it 'disproporsjoneel' dat de plysje in hússiking dien hat op basis fan in foto op Facebook.

De fraksjemeiwurker sels fynt it in 'belachlike sitewaasje', sa seit er yn in reaksje. Hy hie de foto pleatst om safolle mooglik minsken 'wekker te skodzjen'. De fraksjemeiwurker is presidint fan it Frysk Heidens Front. De beweging stiet foar it behâld fan de eigen kultuer en tradysjes. It Frysk Heidens Front soe neffens de meiwurker sa'n 700 leden hawwe. Se neame harren 'nasjonalistysk'. Steatelid Eizema bliuwt efter har fraksjemeiwurker stean, sa seit se. De man wie yn de jierren '90 ek belutsen by de Centrum Democraten fan Hans Janmaat.

Trefwurden: 
fraksjemeiwurker FFP wapens
(Advertinsje)
(Advertinsje)