Nij parkoers foar Ronde van de Kerspelen

22 maaie 2017 - 16:52

De hurdfytsklassiker de Ronde van de Kerspelen hat in nij parkoers. De 24ste edysje, sneon oer in wike, komt troch alle doarpen fan de gemeente Achtkarspelen of der krekt by del. De start en finish is dizze kear op De Harkema. Dat wie oars altyd yn Droegeham.

By de Ronde van de Kerspelen komme twa kategoryen yn aksje. Moarns fytse de froulju en middeis ride de elite en de beloften in koers fan goed 155 kilometer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)