Noed oer Fabryksfeart yn Stynsgea: fersmoarge of net?

22 maaie 2017 - 16:45

Is de fersmoarging yn de Fabryksfeart yn Stynsgea gefaarlik foar minsken? Dat wol de gemeentefraksje fan de PvdA yn Achtkarspelen witte en se hawwe dêrom fragen steld oan it kolleezje. Sy wolle krekt lykas it doarp dat de feart oanpakt wurdt. It slib yn de Fabryksfeart is earder al ris ûndersocht, en doe die bliken dat der metalen lykas kwik en koper yn de grûn sit. Dêrnjonken binne der ek oalje-achtige stoffen oantroffen.

It Wetterskip hâldt in wetterhichte fan sa'n 50 sintimeter oan, mar soms sjocht de feart der neffens de PvdA út as in 'drek sleat'. De ynwenners fan Stynsgea ergerje harren oan de minne tastân fan de Feart en de wâlskanten.

(Advertinsje)
(Advertinsje)