Wetterkearing haven Flylân wurdt fersterke

De wetterkearing fan de Jachthaven fan Flylân © Google Street View
De wetterkearing en de strânopgong by de jachthaven op Flylân wurde takom jier oanpakt. Rykswettersteat en de gemeente Flylân hawwe hjirfoar in oerienkomst tekene. De gemeente sil de kommende tiid de tariedingen foar de útfiering fan it projekt dwaan. Hjirby heart bygelyks in natuerûndersyk en it útsetten fan de opdracht yn de merk. It projekt kostet likernôch 500.000 euro en wurdt betelle troch Rykswettersteat. It âlde part fan de kearing wurdt fan it havenkantoar ôf fersterke oant 5 meter boppe NAP. Dy rint dan oant de dunerige. It hjoeddeistige dyksgat en de seedyk wurde ek ferbrede en ferhege.

Op it plak fan it kantoar fan Rykswettersteat wurdt de ferheging trochsichtich makke. Hjirtroch bliuwt it gebou goed te sjen. Oan de eastkant fan it gebou wurdt de tagongsdyk ferhege.

De hjoeddeistige strânoergong foldocht net mear by heech wetter. De dunen op dat plak binne wol heech en sterk genôch. De nije strânoergong wurdt nei it noarden draaid en rint oant de strekdaam. Hjirtroch is de oergong ek by heechwetter te brûken. De strânoergong is op it stuit fan it Ryk, mar wurdt oerdroegen oan de gemeente.