Reitse Spanninga jout tips foar de barbecue

"Sjoch de barbecue as in ferlingstik fan de keuken," seit topkok Reitse Spanninga fan De Jouwer. Hy is echt in fan en hat dit jier al 35 kear de barbecue oan hân. Mei dit moaie waar dizze wike dielt er syn tips:
1. Earst briketten en dan houtskoal der boppe-op. "Mei gas is it klik, draai en klear, mar mei houtskoal falt it oanstekken noch net ta. Doch de briketten earst, dy jouwe waarmte en dan de houtskoal en brûk in starter, en gjin spiritus of gel."
2. Hâld in helte frij fan de barbecue. "Belis de helte fan de barbecue mei briketten en houtskoal en de oare kant net. Dy 'kâlde' kant kinst brûke om de hamburger bygelyks bekomme te litten fan it fjoer. Hoechst it fleis net hieltyd te draaien, dan krijt it gjin smaak. Moatst der fansels wol bybliuwe. Helje trouwens it fleis fan tefoaren út de kuolkast en lit it op it oanrjocht op keamertemperatuer komme. By hin is it wol ferstannich om it earst even koart te sieden, fanwege it besmettingsgefaar."
3. Pof ek ris in ierappel. "Doch dy yn in stik foly en lit dy in goed healoere op de kâlde kant fan de barbecue gear wurde. Helje dan de foly derôf en doch der krûdebûter by en lit it dan noch fiif minuten trochgearje."
4. Meitsje in goed miel. "Hoechst de barbecue net hielendal fol te smiten mei fleis, mar hâld it by ien goed stik fleis en meitsje der in lekkere salade by en in pofte ierappel. En genietsje fan de smaak en de sfear!"