Omrop TIP: Liet fan de toendra

26 maaie 2017 - 06:34

Sjongeres Aafke Zuidersma reizget fan Koatstertille nei Kautokeino yn Noarsk Laplân, it lân fan de Sami. Dêr komt sy Ella Marie Haetta Isaksen tsjin. Beide froulju dogge mei oan Liet International, it sjongfestival foar minderheidstalen yn Europa. Aafke har liet, ‘Minsk fan wearde’, is in persoanlike oade oan in freon dy’t himsels tekoart dien hat.

Sjongkultuer fan de Sami; it 'joiken'

Programmamakker Karen Bies folge Aafke foar de Fryslân DOK ‘Liet fan toendra’ nei Kautokeino yn it skitterjende lânskip boppe de poalsirkel. Dêr komme sy yn de kunde mei de sjongkultuer fan de Sami; it ‘joiken’. Ella Marie is opgroeid mei de 'joik', de tradisjonele wize fan sjongen fan de Sami. Sy is grutsk op har ôfkomst en op de kultuer fan de Sami en kombinearret de ‘joik’ mei har moderne muzyk. ''Mei in ‘joik’ fertelst datst om ien joust'', leit Ella Marie út..

Memmetaal

Sami-sjongeres Ella Marie Haetta Isaksen fertelt: ''Ik kin myn gefoelens kwyt yn it sjongen en dat moat yn myn memmetaal, want ik ha sáfolle gefoelens dy't ik fertelle wol.’'' Ek de Fryske sjongeres Aafke Zuidersma sjongt it leafst yn har memmetaal, want: ‘’dat leit sa ticht by mysels’’. Yn de dokumintêre 'Liet fan de Toendra' in portret fan beide sjongeressen op wei nei it festival dat ôfrûne april holden waard yn Kautokeino.

De Fryslân DOK dokumintêre 'Liet fan de toendra' is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon om 15.30 oere en snein om 13.50 oere.

(advertinsje)