Wurkstraf foar Harnzer foar oplichting

22 maaie 2017 - 15:22
Foto: ANP

In man út Harns hat hûndert oeren wurkstraf krigen omdat er twa kear besocht hat om in kredytferstrekker op te lichten. De man siet bot yn de skulden en woe dy yn ien kear ôflosse troch in grut kredyt ôf te sluten. Mar hy ferfalske in bankôfskrift dêr't op te sjen wie dat der beslach op syn lean lei. Ien fan de beide kredytferstrekkers ûntduts dat en skeakele de plysje yn. Der wie 180 oeren wurkstraf tsjin de Harnzer easke. Mar de rjochter lei in legere straf op, omdat de man syn libben wer wat better op de rails hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)