Kening Hert en Harry Hazze spylje de wrâld

22 maaie 2017 - 19:14

Poppespilers dy’t, njonken de poppen, sels ek de hiele tiid yn byld bliuwe... is dat net hiel frjemd? Komt dat wol oer? Berneprogrammamakker Feije van der Meer hat bêst lang prate moatten om de telefyzjesearje der troch te krijen by Omrop Fryslân. Mar hy hie de opdracht wat nijs te betinken en sette syn plan troch.

Priis

Uteinlik is it hiel goed útpakt foar de Omrop: Kening Hert en Harry Hazze is in sukses wurden. Dizze wike giet alle eare nei de makkers: op tongersdei 25 maaie krije se de Europeeske Prix Circom Regional Award oerlange op de Azoaren.

Unyk

Sa as Kening Hert en Harry Hazze is nergens yn Europa in telefyzjesearje te finen: akteurs dy’t poppespylje en tagelyk deselde rol spylje, yn byld. Feije: "Yn it teäter bart it wol, bygelyks troch Theater Gnaffel. Doe’t myn eigen bern lyts wiene, wie de poppespiler Jozef van den Berg in kear op telefyzje. Hy spile in foarstelling mei in pear simpele breidene popkes. Hy stie der sels by, mar dat hiest amper yn de gaten. Myn bern, doe 3 en 6 jier, en ik sieten der op ‘e bank in oerelang fassinearre nei te sjen."

Mimyk

Kening Hert en Harry Hazze ha datselde effekt op bern. Feije: "Je hawwe it magyske fan de poppen, en it libbene fan it minsklike. De mimyk fan de akteurs is hiel belangryk. De bern nimme dit mei yn har erfaring, se sjogge it as ien gehiel. Se litte har meislepe yn it ferhaal en binne harren net bewust fan it feit dat de akteur yn it skaad spilet fan de pop. Folwoeksenen fine it earst in bytsje gek, dy kinne de akteurs net ‘ferjitte’. Se sjogge mei grutte-minske-eagen en binne miskien it bern yn harsels ferlern. Mar se soene besykje moatte it mei berne-eagen te besjen."

Wrâld

It dekôr fan Kening Hert en Harry Hazze is de bosk. Dêr, op in pear kante meter, spilet in hiele wrâld him ôf. Nynke Klompmaker skriuwt de senario’s. Elke ôflevering giet oer in bepaald tema, dat oanslút op wat bern yn groep 1 en 2 dwaande hâldt. Dy tema’s wurde keazen yn oparbeidzjen mei minsken út it ûnderwiis. De ôflevering dêr’t de searje de Europeeske priis mei wûn hat, hjit: ‘De do is dea.’ Hert en Hazze binne fertrietlik, mar se gean beide hiel oars mei it fertriet om.

Karakters

Kening Hert wurdt keninklik spile troch Thijs Meester. Feije: "De kening is behoarlik arrogant. Mar hy siket ek faak befêstiging by Harry, want hy is net altyd wis fan syn saak. Harry is leaver loai as wurch. Hy wol allinnich mar dingen dwaan dy't hy sels leuk fynt, en besiket oeral maklik foarwei te kommen. Mar dochs kinne se net sûnder inoar en binne it echte freonen."

Brijkje

Brecht Wassenaar spilet ‘Haggy Hazze en hy pgaat hiel ggappich’. Feije: "Harry brijket in bytsje. Earst kaam dêr wat krityk op: de measte Friezen hawwe in rôljende r en ‘brijkje’ wurdt sjoen as net goed Frysk. Mar we hawwe Harry mei opsetsin in ‘gebrekje’ jûn. In protte bern mankearje wol wat. Harry hâldt him prima steande en is foar de bern in held. Sa leare de bern dat it hielendal net slim is om wat te hawwen, en dat se dêr dus neat minder om binne as oaren."

Fakwurk

It is foar de akteurs net neat om dizze rollen te spyljen, want se moatte ferskate dingen tagelyk dwaan. De poppen goed betsjinje, soargje dat se sels yn de deselde rjochting sjogge as de poppen. En dêrnjonken it aktearjen sels: in ferhaal fertelle, mei elkoar yn dialooch gean en emoasjes toane.

Ek foar de technyk, de kamera en it ljocht, komt it hiel krekt. Feije: "Omdat noch noait earder sa telefyzje makke is, moatte je alles sels noch útfine. Gelokkich is it in fantastysk team om mei te wurkjen, ek by de montaazje en de lûdsneibewurking ferstean se allegear har fak oant yn de puntsjes. Dizze Europeeske priis is foar it hiele team."

(Advertinsje)
(Advertinsje)