Fyftjin UNIFIL-militêren út Ljouwert krije ûnderskieding

22 maaie 2017 - 15:15
Nederlânske UNIFIL-kolonne yn Libanon yn 1979 - Foto: ANP

Boargemaster Crone fan Ljouwert rikt woansdei oan fyftjin UNIFIL-feteranen in spesjale ûnderskieding út. Se krije it draachynsinje Nobelprijs VN-militêren. De VN-fredesmacht krige yn 1988 de Nobelpriis foar de Frede. Dy priis wie doe foar de VN en net foar yndividuele militêren.

Twa jier lyn hat de minister fan definsje besletten dit Nobel-draachynsinje yn te stellen om de wurdearring foar de militêren sjen te litten dy't tusken 1956 en 1988 op fredesmissy west ha. Mei-inoar komme 42 militêren út de gemeente Ljouwert yn de beneaming foar de ûnderskieding. Guon ha him al earder krigen, guon oaren krije him thússtjoerd.

(Advertinsje)
(Advertinsje)