FIDEO: De Fryske iepenloftspullen begjinne wer

22 maaie 2017 - 17:55

Mar leafst tolve iepenloftspullen steane dizze simmer op it programma, fan Spannum oant Kollumersweach en fan Dronryp oant Berltsum. Foar elkenien is der wol wat: fan stoere froulju oant jonge boefkes.

It earste iepenloftspul is woansdei yn Beetstersweach dêr't De Lytse Prins opfierd wurdt. Ein dizze moanne giet BAUCK! yn premjêre yn Berltsum. It giet oer in Fryske frijheidsstriidster en skriuwer Sybe Joostema is der al sûnt 2010 mei dwaande.

Lês hjir alles oer de iepenloftspullen.

Trefwurden: 
Iepenloftspul
(Advertinsje)
(Advertinsje)