Tieme Klompe ferlit Sportklup Hearrenfean

Assistint-trainer Tieme Klompe ferlit Sportklup Hearrenfean. Klompe hat de klup witte litten foar syn gefoel te kiezen en op syk te gean nei in nije útdaging. It ôfrûne seizoen wie Klompe assistint fan Jurgen Streppel. Dêrfoar wie hy ek jeugdtrainer en trainer fan de beloften. Ein 2012 kaam Klompe ûnder Van Basten by de A-seleksje. Dêrnei wie hy assistint fan Dwight Lodeweges en Foppe de Haan.
"Ik heb een rode lijn die zegt dat ik de sprong in het diepe moet wagen en daar wil ik gehoor aan geven", sa seit Klompe op de eigen webside fan de klup. "Ik ga kijken wat er op me af komt, maar desnoods ga ik een jaar niks doen."
Klompe wie earder as spiler ek lang aktyf by Hearrenfean. Hy wie sintrale ferdediger tusken 1996 en 2004.
Foar Johnny Jansen, no ek assistint-trainer fan Hearrenfean, komt it nijs as in ferrassing. "Dit had ik niet verwacht." Earder waard bekend dat de oare assistint-trainer Gerald Sibon de klup ferlitte moat.