Ofslútdyk rjochting Noard-Hollân ticht troch steuring

De Ofslútdyk yn de rjochting fan Noard-Hollân is ticht fanwege in steuring oan de draaibrêge by Koarnwertersân. Der stiet op it stuit trije kilomter file. It ferkear dat fêst stiet foar de brêge wurdt troch Rykswettersteat werom laat nei Fryslân.

Ferkear dat nei Noard-Hollân moat, wurdt oanret om oer de Flevopolder te riden.
UPDATE: It ferkear rydt wer oer de súdbrêge. Skipfeart is noch wol stremd.