Skoalbern soargje foar blommesee yn 'e bermen fan Mantgum

22 maaie 2017 - 13:51

In lint fan 150 kilometer oan blommen yn de bermen, dat is it doel fan de aksje BijenFlinterLint. It giet om in boargerinisjatyf fan 14 doarpen yn Littenseradiel yn it ramt fan Ljouwert Kulturiele Haadstêd.

Bern fan iepenbiere basiskoalle De Gielguorde fan Mantgum krigen moandei les oer it projekt. Yn it foarste plak yn teory, mar dêrnei waard it siedzjen ek oefene yn 'e sânbak op it skoalplein. Letter op 'e middei tôgen de bern op 'e fyts nei De Him foar it echte wurk yn de bermen dêr.

Doel fan it BijenFlinterLint is dat it de mienskip bynt, de biodiveristeit fergruttet en dat der in symboalyske en sichtbere ferbining komt tusken doarpen en buorskippen dy't nei dit jier by Ljouwert of Súdwest-Fryslân komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)