Utspraak: tolve jier sel yn wytwasksaak Arville

22 maaie 2017 - 13:52
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De 50-jierrige haadfertochte út Ljouwert yn de saak Arville hat moandei 12 jier selstraf krigen, dat wie ek de eask. Hy wurdt beskuldige fan it wytwaskjen fan jild, hannel yn drugs en wapenbesit. Syn 54-jierrige frou hat twa jier sel krigen, der wie fjouwer jier selstraf easke. Yn maaie 2014 binne se oanholden en binne der miljoenen euro's yn beslach nommen. De tredde fertochte, in 37-jierrige man út Ljouwert, hat 15 moannen ûnder betingst krigen.

De saak Arville is it grutste ôfpakresultaat yn in wytwasksaak yn Noard-Nederlân oant no ta. By plysje-ynfallen yn trije plakken, Ljouwert, Assen en Gasteren, is yn maaie 2014 in bedrach fan 4,4 miljoen euro cash yn beslach nommen. Fierders is beslach lein op in wenning, in loads, auto's en lúkseguod as klean en juwielen. By de bestriding fan de wytwaskkriminaliteit is it it doel fan plysje en justysje om safolle mooglik besit fan kriminelen ôf te pakken. Besjoch de folsleine útspraak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)