GGD hat nij apparaat om tbc te scannen

22 maaie 2017 - 13:19

De GGD yn Ljouwert hat in nij röntgenapparaat oanskaft om tbc op te spoaren. Ek al is de sykte tuberkuloaze sa goed as fuort yn de westerske wrâld, de nije apparatuer sil noch in soad brûkt wurde. Alle jierren makket de GGD yn Ljouwert sa'n 1.000 scans. By 20 oant 30 minsken wurdt noch tbc fûn.

De âlde apparatuer wie technysk fersliten en ferâldere. Dit nije apparaat hat in spesjaal skerm dat soarget foar mindere röntgenstrieling as bygelyks bern scand wurde.

Trefwurden: 
GGD TBC röntgen
(Advertinsje)
(Advertinsje)